Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken (Moskou)

De Tsjerke fan de Ikoan fan 'e Mem-Gods-fan-it-Teken (Russysk: Знаменская церковь, Znamenskaja tserkov) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke stiet yn it stedsdiel Arbat yn it sintrum fan Moskou en tsjinne ea as hûstsjerke fan 'e Romanov's, de Narysjkin's en de Sjeremetev's. It is tsjintwurdich in parochytsjerke fan it sintrale dekanaat yn it otterdokske bisdom Moskou.

Tsjerke fan Us Leaffrou fan it Teken

Знаменская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Per. Romanov, 2/6с8
koördinaten 55° 45' N 37° 36' E
Arsjitektuer
boujier 1680-1691
boustyl Narysjkin-barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771510409720006
Webside
hram-znameniya.ru
Kaart
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken (Moskou)
Tsjerke fan de Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken

De earste Znamenskaja-tsjerke waard yn 1625 yn opdracht fan Ivan Romanov (de omke fan 'e earste Romanov-tsaar Michael I en de broer fan patriarch Filaret) boud. Ivan's heit wie Nikita Romanov, dy't troch it houlik fan syn suster Anastasia in sweager wie fan tsaar Ivan de Ferskriklike. Troch Anastasia's houlik krige Nikita de titel fan bojaar en in soad grûn. Op it lân dat de tsaar jûn hie, dat op lytse ôfstân noardwestlik fan it kremlyn fan Moskou leit, waard in residinsje mei in tsjerke boud en wijd oan 'e ikoan fan it Teken, dat jimmeroan in spesjale bestjutting hân hat foar de Romanov's.

 
De Tsjerke fan Us Leaffrou fan it Teken (N.A.Naidenov, 1884).

De measte bern fan Ivan Romanov stoaren al betiid en de iennige soan dy't langer libbe ferstoar yn 1656 sûnder neiteam, sadat al it eigendom oan it Ryk tafoel. Yn 1671 joech Aleksej Michailovitsj it goed oan Kirill Polûektovitsj Narysjkin, de heit fan 'e twadde frou fan 'e lettere tsaar Peter de Grutte. It wie syn soan, Lev Kirillovitsj Narysjkin (1664-1705), dy't de opdracht joech om yn 'e lettere jierren 1680 de hjoeddeiske tsjerke te bouwen. De tsjerke waard yn 1691 wijd en wurdt as ien fan 'e ierste foarbylden fan 'e wielderige Narysjkin-barok beskôge. Troch in houlik fan Ekatarina Narysjkin mei greve Kirill Razûmovsky kaam it hôf mei de tsjerke yn hannen fan 'e Razûmovsky's. Syn soan Alexej Kirillovitsj ferkocht it hôf mei de tsjerke letter wer oan 'e stienrike Sjemeretev's. De famylje Sjemeretev feroare fierder neat oan 'e tsjerke, allinnich it ynterieur waard feroare en oan 'e nije moade oanpast.

De tsjerke baarnde yn 1812 by de brân fan Moskou ôf, mar dêrnei folge de werbou en op 21 septimber 1847 waard de tsjerke op 'e nij ynwijd troch de Moskouse metropolyt Filaret. Mei de oerdracht fan it hôf oan 'e Moskouse stedsdûma yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard de tsjerke in gewoane parochytsjerke.

De tsjerke yn 'e Sovjet-tiid

bewurkje seksje

De tsjerke bleau oant 1929 iepen foar de earetsjinst en dêrnei waard de tsjerke ferboud foar in nije bestimming. Jierrenlang waard it gebou brûkt troch de keuken fan it sikehûs. Yn 'e eardere tsjerke, dêr't de refter fan ôfbrutsen waard en ferskillende ferdjippings en in lift yn oanbrocht wiene, wiene boppedat in ytseal en kantoaren ûnderbrocht. It âlde tsjerke-ynterieur gie folslein ferlern, mar yn 'e jierren 1950 en 1970 fûn der in restauraasje plak oan 'e bûtengevels.

De renêssânse fan de tsjerke

bewurkje seksje

De binnenhôf en de tsjerke geane skûl efter in gebou dat yn 'e jierren 1930 boud wie foar it Sintrale Kremlyn Sikehûs. Yn 'e jierren 1990 krige de Russysk-Otterdokske Tsjerke it gebou werom en yn 2004, op de kop ôf 75 jier nei't de kommunisten de tsjerke foar de earetsjinst sletten, waard der foar it earst wer in Godlike Liturgy fierd. In grutte restauraasje folge. De klokketoer krige yn 2010 tsien nije klokken en oant 2012 waard der wurke oan de renovaasje fan it ynterieur, dêrby ynbegrepen de rekonstruksje fan 'e barokke ikonostaze, de muorreskilderingen en oare dekoraasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь иконы Божией Матери «Знамение» на Шереметевом дворе