Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken (Moskou)

De Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken (Russysk: Церковь Иконы Божией Матери Знамение) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke stiet yn it stedsdiel Arbat yn it sintrum fan Moskou en tsjinne ea as hûstsjerke fan de Romanov's, de Narysjkin's en de Sjeremetev's. It is tsjintwurdich in parochytsjerke fan it sintrale dekanaat yn it otterdokske bisdom Moskou.

Tsjerke fan Us Leaffrou fan it Teken

Знаменская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Per. Romanov, 2/6с8
koördinaten 55° 45' N 37° 36' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1680-1691
boustyl Narysjkin-barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771510409720006
offisjele webside
hram-znameniya.ru

Skiednis Bewurkje

De earste Tsjerke fan it Teken waard yn 1625 yn opdracht fan Ivan Romanov (de omke fan de earste Romanov-tsaar Michael I en de broer van de patriarch Filaret) boud. Ivan's heit wie Nikita Romanov, dy't troch it houlik fan syn suster Anastasia in sweager wie fan tsaar Ivan de Ferskriklike. Troch Anastasia's houlik krige Nikita de titel fan bojaar en in soad grûn. Op it lân dat de tsaar jûn hie, dat op lytse ôfstân noardwestlik fan it kremlyn fan Moskou leit, waard in residinsje mei in tsjerke boud en wijd oan it Ikoan fan it Teken, dat jimmeroan in spesjale bestjutting hân hat foar de Romanov's.

 
De Tsjerke fan Us Leaffrou fan it Teken yn 1884 (N.A.Naidenov) (1884)

De measte bern fan Ivan Romanov stoaren al betiid en de iennige soan dy't langer libbe ferstoar yn 1656 sûnder neiteam, sadat al it eigendom oan it Ryk tafoel. Yn 1671 joech Aleksej Michailovitsj it goed oan Kirill Polûektovitsj Narysjkin, de heit fan de twadde frou fan de lettere tsaar Peter de Grutte. It wie syn soan, Lev Kirillovitsj Narysjkin (1664-1705), dy't de opdracht joech om yn de letter jierren 1680 de hjoeddeiske tsjerke te bouwen. De tsjerke waard ynwijd yn 1691 en wurdt as ien fan de ierste foarbylden fan de wielderige Narysjkin-barok beskôge. Troch in houlik fan Ekatarina Narysjkin mei greve Kirill Razûmovsky kaam it hôf mei de tsjerke yn hannen fan de Razûmovsky's. Syn soan Alexej Kirillovitsj ferkocht it hôf mei de tsjerke letter wer oan de stienrike Sjemeretev's. De famylje Sjemeretev feroare fjierder neat oan de tsjerke, allinnich it ynterieur fan de tsjerke waard feroare en oan de nije moade oanpast.

De tsjerke baarnde yn 1812 tidens de brân fan Moskou ôf, mar dêrnei folge de weropbou en op 21 septimber 1847 waard de tsjerke op 'e nij ynwijd troch de Moskouse metropolyt Filaret. Mei de oerdracht fan it hôf oan de Moskouse stedsdûma yn de twadde helte fan de 19e iuw waard de tsjerke in gewoane parochytsjerke.

De tsjerke yn de Sovjet-tiid Bewurkje

De tsjerke bleau oan 1929 iepen foar de earetsjinst en dêrnei waard de tsjerke op 'e nij ynrochte foar in nije bestimming. Jierrenlang waard it gebou brûkt troch de keuken fan it sikehûs. Yn de eardere tsjerke, dêr't de refter fan ôfbrutsen waard en ferskillende ferdjippings en in lift yn oanbrocht wiene, wiene boppedat in ytseal en kantoren ûnderbrocht. It âlde tsjerke-ynterieur gyng folslein ferlern, mar in de jierren 1950 en 1970 fûn der in restauraasje plak oan de bûtengevels.

De renêssânse fan de tsjerke Bewurkje

De binnenhôf en de tsjerke geane skûl achter in gebou dat yn de jierren 1930 oplusten wie foar it Sintrale Kremlyn Sikehûs. Yn de jierren 1990 krige de Russysk-otterdokske Tsjerke it gebou werom en yn 2004, op de kop ôf 75 jier nei't de kommunisten de tsjerke sletten foar de earetsjinst, waard der wer foar it earst in Godlike Liturgy fierd. In grutte restauraasje folge. De klokketoer krige yn 2010 tsien nije klokken en oant 2012 waard it ynterieur fernijd, derby ynbegrepen de rekonstruksje fan de barokke ikonostase en muorreskilderingen en oare dekoraasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь иконы Божией Матери «Знамение» на Шереметевом дворе