Tsjerkemuseum
It Tsjerkemuseum fan Jannum stiet oan de Tsjerkestrjitte. It is yn 1947 stifte as úthôf fan it Frysk Museum. Yn it âlde tsjerkje fan sirka 1250 stiet de op ien nei grutste kolleksje stiennen deakisten (sarkofagen) en deksels. Guon fan de readstiennen sarkofagen komme fan oare plakken yn Fryslân. De âldste komme út de 12e iuw. Hjir wurdt ek it ienige Fryske romaanske sânstiennen doopfont út sirka 1200 bewarre.