Tsjerkestove
In tsjerkestove is in stove om yn de tsjerke waarme fuotten te hâlden. Kachels binne betreklik let yn de tsjerken komd. Oant fier nei 1850 naam elke frou noch in stoofke mei, (faak mei snijwurk) of men liet se troch de tsjinstfaam drage. De koster levere tsjin betelling in koaltsje fjoer of folde tsjerkestoven dy't yn de tsjerke efterbleaune. De herfoarme tsjerke yn Bitgum hat der noch in stookgelegenheid foar. In soad tsjerkestoven binne yn it Frysk Museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|