Tsjinstelde (logika)

Yn 'e logika is tsjinstelde de beneaming foar de relaasje tusken twa proposysjes (foarstellen) as dy net allebeide wier wêze kinne. Dit is in wetmjittichheid dy't jildt foar de A- en E-proposysjes fan aristoteliaansk logikafjouwerkant. Bygelyks: as de A-proposysje is: "eltsenien is oprjocht", en de E-proposysje is: "eltsenien is ûnoprjocht", is dúdlik dat dat inoars tsjinstelden binne, om't se net allebeide tagelyk wier wêze kinne. Òf de A-proposysje is wier en E-proposysje net, òf de E-proposysje is wier en de A-proposysje net. Mar it is fansels ek mooglik dat beide proposysjes ûnwier binne, wat yn dit foarbyld it gefal is. Want net eltsenien is oprjocht en ek net eltsenien is ûnoprjocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.