Tsjinstelde (maatskiplike rol)

In tsjinstelde (Ingelsk: contrary) wie yn it ferline by de Yndiaanske folken dy't op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika libben in spesjale en seldsume soarte fan sjamaan. Sokke lju namen mei opsetsin in libbensstyl oan dy't wijd wie oan it dwaan fan it tsjinstelde fan wat gebrûklik dien waard. De tsjinstelden fertoanden oerienkomsten mei ferskate oare Yndiaanske maatskiplike rollen, lykas dy fan 'e grapmakkers of clown, en de tsjinstelde krigers dy't lid wiene fan 'e krigersgenoatskippen fan 'e Flaktefolken. By de Lakota, bygelyks, tsjinne de term heyókȟa as in kollektive namme foar al dy groepen.

De tsjinstelden fan 'e Flakte-Yndianen wiene unyk en histoarysk sûnder presedint. De ierste skreaune ferslaggen fan blanke gasten fan 'e Yndianen oer de heyókȟa fan 'e Lakota en de Westlike Dakota datearje fan 'e lêste desennia fan 'e njoggentjinde iuw. Yn 1898 yntrodusearre etnograaf George B. Grinnell de oantsjutting contrary foar tsjinstelden, op basis fan syn besiken oan 'e Sjajinnen (Cheyenne). De kultureel antropolooch Julian Steward beskreau yn 1930 ferskate foarmen fan tsjinsteld hâlden en dragen, en yn 1945 ûndersocht syn kollega Verne F. Ray tsjinsteld hâlden en dragen yn 'e kontekst fan 'e rituële dûnsen en seremoanjes fan 'e Noardamerikaanske Flakte-Yndianen.

De maatskiplike rollen fan tsjinstelden en grapmakkers ferskilden, behalven om't it om ferskillend gedrach gie, ek om't de grapmakkers harren funksje inkeld by de útfiering fan rituëlen en seremoanjes ferfollen. Foar de tsjinstelde wie syn rol in libbenswize, dêr't nea fan ôfwykt waard. Dêrby died er krekt it tsjinstelde fan wat 'normale' Yndianen diene. Sa seid er "ja" as er "nee" bedoelde, rûn er fuort as him frege waard om tichterby te kommen, siet er efterstfoarst op it hynder of yn in kano en klaaide er him oan foar't er in bad yn 'e rivier naam. Mei harren hâlden en dragen setten tsjinstelden alle sosjale noarmen en wearden op 'e kop. Op dy wize holden se har folk in spegel foar, en makken se dat de Yndianen begûnen nei te tinken oer dingen dy't oer it algemien sjoen waarden as eat dat fêststie. Tsjinstelde krigers fertoanden itselde soarte hâlden en dragen, mar dan net yn it gewoane libben, mar op it slachfjild.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.