Turven
(Trochferwiisd fan Turve)
Turven is it tellen troch streekjes per fiif te groepearjen; de earste fjouwer rjochtop njonken inoar en de fiifde der dwers trochhinne. It is ôflaat fan it tellen mei fingers op de hân: fjouwer fingers en de tomme der dwers oerhinne as teken om mei de oare hân fierder te tellen.
Turven wurdt ûnder mear yn de finkesport en by manuele statistyk tapast. It wurdt is ôflaat fan turf omdat de blokjes dêr wat op lykje. It kin ek wêze dat sa'n wize fan tellen brûkt waard by it tellen fan in soad turven.