Tynje (ryshout)

âld-Frysk wurd

Tynje is in âld-Frysk wurd dat nei alle gedachten te krijen hat mei tiin of tien as stam. Tienen (Hollânsk: tenen) binne twigen en bûgsume tûken fan wylgen en oar opgeand beammeguod. Sok riishout kaam oeral foar yn de Fryske Wâlden, ek yn de lege feangebieten. Der wie in soad hannel yn, ek ynternasjonaal, want it waard tapast by it frisseljen en flechtsjen fan ferskate brûksfoarwerpen dy't faak 'tynje' as namme krigen. In ienfâldige foarm fan in tynje wie in flechte sket, dêr't bygelyks in hage mei opset wurde koe. Fiskers setten sokke sketten as in fiskdaam (ek wol tichtset) dwers op in wetterstream. Dat wurke as in fûke. Ek in einekoer waard wol in tynje neamd.

Yn 'e rin fan de iuwen ferskode de betsjutting fan 'tynje' de figuerlike kant op, nammentlik nei alles wat it doel hie om te heinen of te kearen, te beskermjen of ôf te skermjen. Dy ferdigeningsfunksje wie by it wat stûfere riishout al ta utering kommen yn de beneaming 'skânsriis', dat blykber tsjinst die by de oanlis fan boarstwarren. De al mar abstrakter en globaler wurdende ynhâld fan de term 'tynje' gie lykop mei in ynternasjonaal ferskynsel. Ek it Hollânske 'tuin', it Dútske 'Zaun' en it Ingelske 'town' hienen deselde betsjutting fan ôfskerming, besketting, beheining, ôffreding, omwâling, ferdigeningsline ensfh. It ferneamde boek 'De tuin der Nederlanden' fan prof. Fruin jout dêr faaks it moaiste foarbyld fan. Dy 'tuin' wie nammenlik de lange hage fan festingwurken de grins fan de doetiids Feriene Nederlannen bylâns om de Spaanske troepen te kearen.

Geandewei rekke it wurd 'tynje' út de moade, behalven yn de betsjutting fan grins en benammen as it om in grinsstream, in wettergrins gie. Foar it modernisearjen en urbanisearjen fan it Fryske plattelân wie der noch in stikmannich fan sokke Tynjes. De bekendste dy't dêrfan oerbleaun is, is de Tynje by Grou. It doarp De Tynje hat syn namme te tankjen oan eartiidske tynjes, ôfreedzjende wetterstreamen: de Lúkster tynje en de Wynje tynje.