Tyrosine is in (ferlike mei oare aminosoeren) relatyf grut aminosoer mei in aromatyske sydkeatling. As ien fan de tweintich natuerlik foarkommende α-aminosoeren dy’t foar aaiwytsynteze brûkt wurde, makket tyrosine diel út fan sawat elk aaiwytmolekúl yn alle foarmen fan libben. Tyrosine wurdt meast klassifisearre as in foar minske en bist net-essinsjeel aminosoer om’t it lichem (ûnder normale omstannichheden) genôch tyrosine foarmje kin út it wol essinsjele aminosoer fenylalanine.

Struktuerformule fan L-tyrosine

Tyrosine is útgongsstof foar it oanmeitsjen fan in tal wichtige hormoanen en neurotransmitters, benammen dy út de kategory skyldklierhormoanen (T3 en T4) en kategolaminen (dopamine, adrenaline en noradrenaline). Ek is it de wichtichste grûnstof fan it pigmint melanine, dat ferantwurdlik is foar hier- en hûdskleur. Tyrosine spilet ek in wichtige rol by kommunikaasjeprosessen yn de sel synjaaltransduksje, bygelyks by it feroarsaakjen fan feroarings yn de sel as gefolch fan keppeling fan in hormoan oan in membraanreseptor, dan wol it regulearjen fan ensematyske aktiviteit.

Tyrosine bestiet yn twa foarmen, de enansjomeare L- en D-foarmen, wêrfan’t allinnich de L-foarm natuerlik is. Troch de oanwêzigens fan in fenolyske hydroksylgroep, is it in polêr aminosoer. Tyrosine is ek in elektrysk neutraal aminosoer. It wurdt tyrosyl neamd as dernei ferwiisd wurdt as funksjonele groep of sydkeatling.

In tekoart oan tyrosine (en syn prekursor fenylalanine) feroarsaket in tekoart oan dopamine en noradrenaline, wat ûnder oare depresje en apaty meibringt. De wurking fan tyrosinesuppleesje is ûndersocht by ûnder oare de folgjende oandwanings: depresje, stress, ûntwenningsferskynsels nei it stopjen mei kokaïne, by de sykte fan Parkinson, fenylketonury en narkolepsje, de effektiviteit derfan wurdt dêrby lang altyd net oantoand. Tyrosine wurdt as fiedingssupplemint ferkocht en wurdt regulearre yn de Warewet.