Uitzicht (Ljouwert)
Uitzicht is de eardere katolike Sint-Fransiskustsjerke en tsjintwurdich it gebou fan 'de saneamde "Uitzicht Gemeente" fan 'e Gearkomste fan leauwenden yn Ljouwert.
Uitzicht | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Archipelweg 222 | |
koördinaten | 53°12' N 5°49' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Gearkomste fan leauwenden | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.J. van Wissen | |
boujier | 1963 | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
Uitzicht Gemeente | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard tusken 1958 en 1963 boud as katolike tsjerke foar de yn 1964 oprjochte eastlike stedsparochy. It ûntwerp wie ôfkomstich fan 'e arsjitekt H.J. van Wissen. Yn juny 2002 waard besletten om twa fan 'e doe fjouwer katolike tsjerken yn Ljouwert te sluten. De Fransiskustsjerke wie ien fan 'e twa katolike tsjerken dy't ticht moast. De lêste misse yn 'e Fransiskustsjerke waard op 9 maaie 2004 holden. Letter waard de tsjerke ferkocht oan 'e Gearkomste fan Leauwenden.[1]
De sân oan 'e noardlike muorre troch Bep Mulder út Wiuwert[2] skildere krúsweistaasjes bleaune bewarre en ek it oargel fan 'e Fransiskustsjerke is noch jimmeroan yn 'e tsjerke oanwêzich.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|