Ulaangom (Mongoalsk foar 'Reade delling') is in stêd yn Mongoalje en is it haadplak fan de provinsje Uvs. It plak leit 26 km súdwestlik fan de mar Uvs Nuur oan de foet en skeante fan de berch Kharkhiraa, 120 km besuden de grins mei Ruslân en 1300 kilometer westlik fan de haadstêd Ulaanbaatar.

Ulaangom
Улаангом
Sintrum Ulaangom
Sintrum Ulaangom
Bestjoer
Lân Mongoalje
Provinsje Uvs
Sifers
Ynwennertal 22.320↓(2008)
Hichte 931 m
Oar
Stifting 1686 (wierskynlik)

Ulaangom is mei in grutte dyk ferbûn mei de Russyske grins en ymportearret syn elektrisiteit fan de Russyske Federaasje. Der is in fleanfjild, Ulaangom Airport (ULO), mei in direkte ferbining mei Ulaanbaatar, fersoarge troch de fleanmaatskippijen Aero Mongolia en Eznis Airways. Fan Ulaangom wei kinne gjin flechten nei oare plakken yn it lân makke wurde.

Ulaangom hat in kâld heal-drûch klimaat mei lange, drûge, tige kâlde winters en koarte waarme oant hjitte simmers. De jierlikske delslach is trochstrings 130 mm. Ulaangom is ien fan de meast kâlde plakken yn Mongoalje. Temperatueren kinne winterdeis nei −50 °C of mear sakje en yn de simmer kin it +43 °C as heger wurde.