Uljanovsk
Uljanovsk (Russysk: Ульяновск) is in stêd yn Ruslân, oan de rivier de Wolga, sa'n 750 kilometer beëasten Moskou. It is de haadstêd fan de oblast Uljanovsk. De stêd is ferneamd nei Vladimir Iljitsj Uljanov, Lenin, dy't dêr 1870 berne waard. Oant 1924 hjitte de stêd Simbirsk (Russysk: Симби́рск).
Uljanovsk Ульяновск | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Uljanovsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | stêd: 622.868 (2022) stedsdistrikt: 647.808 (2021) | |
Oerflak | 316 (622) km² | |
Befolkingsticht. | 1.971 ynw./km² | |
Hichte | 150 m (sintrum) | |
Oar | ||
Stifting | 1648, stêd yn 1796 | |
Tiidsône | (UTC+4); MSK+1 | |
Koördinaten | 54° 19' N 48° 22' E | |
Offisjele webside | ||
ulmeria.ru |
Klimaat
bewurkje seksjeUljanovsk hat in myld lânklimaat. Trochstrings leit der snie fanôf ein oktober oant mids april. De trochsneed temperatuer yn juny is +19°C, yn jannewaris -12°C. De trochsneed delslach yn it jier is 400 mm.
Berne yn Uljanovsk
bewurkje seksje- Sergej Borisov, fotograaf
- Ivan Gontsjarov, skriuwer
- Aleksandr Kerenski, politikus
- Vladimir Lenin (Uljanov), earste lieder fan de Sovjet-Uny
Ynwenners
bewurkje seksje- Aleksander Pûsjkin, dichter
- Nikolaj Karamzin, skriuwer
- Andrej Sacharov, natuerkundige en dissidint
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Uljanovsk fan Wikimedia Commons. |