Ulrik fan Dornum
Ulrik fan Dornum (Dornum 1455/1456 - Oldersum 12 maart 1536) wie in soan fan de Eastfryske haadling Sibet Attena en syn twadde frou Margarete fan Westerwâlde.
Troch syn houlik mei Essa fan Oldersum yn 1494 waard Ulrik hear fan de helte fan de hearlikheid Oldersum, allyksa fan Jarßum en Widdelswehr. Dêrfoaroer waard syn erfdiel fan syn heit yn Harlingerlân troch syn âldere healbroer ynholden. Ulrik syn frou Essa ferstoar yn 1515 en út harren houlik waarden gjin bern berne. Dêrom foel harren erfenis op it Hûs fan Oldersum werom. Ulrik boaske foar de twadde kear Hyma fan Grimersum.
Yn juny 1526 organisearre Ulrik it saneamde Oldersumer Kollokwium yn de tsjerke fan Oldersum. It dokumint dat er dêr oer gearstalde waard noch yn itselde jier troch Nikolaus Schirlentz yn Wittenberg printe. Troch it fersprieden fan it dokumint joech Ulrik de oanset ta in flugge oergong nei de Reformaasje yn East-Fryslân.
Boarne
bewurkje seksje- Klaus Euhausen (Ortschronisten der ostfriesischen Landschaft): Oldersum, Gemeinde Moormerland, Landkreis Leer (PDF; 1,2 MB)
Literatuer
bewurkje seksje- Paul Wagner: Dornum, Ulrich von. Yn: Allgemeine Deutsche Biographie (ADB). Band 39, Duncker & Humblot, Leipzig 1895, siden 246–248.
- Gerhard Ohling: Dornum, Ulrich von. Yn: Neue Deutsche Biographie (NDB). Band 4, Duncker & Humblot, Berlyn 1959, ISBN 3-428-00185-0, S. 82 (Digitalisat).