United States Army Corps of Engineers
It United States Army Corps of Engineers (USACE), is it sjenykorps fan it Amerikaanske Leger. By dizze federale organisaasje wurkje sa'n 34.600 boargers en 650 militêren. Hjirmei kin de USACE it grutste ynzjeneursburo fan de wrâld beskôge wurde. It motto is: essayons (Frânsk: lit ús besykje). It korps is oprjochte op 15 juny 1775 yn Washington, D.C.
United States Army Corps of Engineers | |
---|---|
flagge | embleem |
Essayons Frânsk, "Lit ús besykje" | |
algemiene gegevens | |
lân | Feriene Steaten |
soarte | sjeny |
doel | ûntwerp, tarieding en útfiering sivile en militêre projekten |
bysûnderheden | |
namme folút | United States Army Corps of Engineers ("Ynzjenieurekorps fan it Amerikaansk Leger") |
ôfkoarting | USACE |
lokaasje haadkertier | Washington, D.C. |
oprjochte | 1775 |
sterkte | 34.600 boargers (2016) 650 militêren (2016) |
falt ûnder | ● Am. Ministearje f. Definsje ● Dep. fan it Leger ● Amerikaanske Leger |
offisjele kleuren | skarlekkenread en wyt |
webside | www.usace.army.mil |
Logo |
De doel fan it korps bestiet út en jou militêre en sivyl-technyske tsjinsten oan de Amerikaanske oerheid en sa ek de Amerikaanske belangen yn binnen- en bûtenlân. It korps hâldt him dwaande mei de bou fan damen, kanalen (bygelyks it Panamakanaal), kustbeskerming, mar ek mei it ûntwerp en projektbehear fan militêre ynstallaasjes (bygelyks it Pentagon), mar dernjonken ek in soad gebouwen bygelyks yn Irak.
Wichtichste projekten
bewurkje seksjeIn stikmannich projekten fan de USACE:
- Ferbettering en behear fan de rivierren Ohio en Mississippi
- It Washington Monumint, 1884
- It Panamakanaal, ree yn 1914
- Bonnevilledaam, ree yn 1937
- De Flood Control Act of 1936 bepaalde dat wetterbehear en beskermings tsjin it ûnderstrûpen fan lân ûnder federaal bestjoer kaam en bepaalde fierder dat it USACE in haadtaak krige.
- Yn 1941 krige de USACE de ferantwurdlikens foar it oankeapjen, oanlizzen, bouwen en behear fan alle militêre ynstallaasjes fan it Amerikaanske leger
- Tarieding en bou fan it Pentagon, ree yn 1943, likernôch 15 moanne nei it úteinsetten fan de bou.
- It Manhattan Projekt
- De USACE joech in wichtige bydrage oan NASA foar it bouwen fan it Manned Spacecraft Center en John F. Kennedy Space Center, 1961
- Cross Florida Barge Canal
- Tennessee-Tombigbee Waterway
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory United States Army Corps of Engineers fan Wikimedia Commons. |