Universiteit fan York

Universiteit fan York

De Universiteit fan York (mei Ebor. as postnominale letters), is in saneamde plate glass university yn de stêd York yn Ingelân. De universiteit waard stichte yn 1963 (mei 200 studinten), en hat him sûnt útwreide oer goed tritich ôfdielings en sintrums, dêr't op in breed mêd ûndersyk dien wurdt.

Universiteit fan York
Namme
Ynternasjonale namme University of York
Biedwurd In limine sapientiae
('Op 'e drompel fan wiisheid')
Lokaasje
Lân Ingelân
Plak York
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1963
Rektor Greg Dyke
Tal studinten 15.353 (2014)
Tal meiwurkers 3.091
Netwurken EUA, N8, Russell Group, White Rose University Consortium, WUN
Offisjele webside
www.york.ac.uk
Central Hall, bynamme Mothership, it sintrum fan de kampus

Yn 2012 kaam de universiteit by de Russell Group, in erkenning fan it liedend ûndersyk en it treflik ûnderrjocht fan it ynstitút.

De universiteit lûkt studinten mei in grut ferskaat oan eftergrûnen; in grut tal bûtenlânske studinten en in betreklik heech tal studinten fan oerheidsskoallen ferlike mei oare universiteiten dy't heech oanskreaun steane (neffens The Times Good University Guide).

De kolleezjes

bewurkje seksje

De universiteit hat njoggen kolleezjes. De njoggende waard iepene yn 2014 en ferneamd nei keizer Konstantyn de Grutte, dy't yn 306 yn York de titel 'Augustus' krige. Der binne plannen foar in tsiende kolleezje. Elts kolleezje wurdt laat fan in Provost. De struktuer fan de kolleezjes kin net ferlike wurde mei dy fan Oxford of Cambridge, mei't it feitlike universiteitslibben him ôfspilet op de fakulteiten, mei eigen bibleteken dy't oars folle lytser binne as in universiteitsbibleteek.

De kolleezjes nei âldens (in) :

  • Derwent (en) (1965)
  • Langwith (en) (1965)
  • Vanbrugh (en) (1968)
  • Goodricke (en) (1968)
  • Alcuin (en) (1969)
  • Wentworth (en) (1972)
  • James (en) (1990)
  • Halifax (en) (2001/02)
  • Constantine (2014)

Ald-studinten en alumny

bewurkje seksje