Until It Sleeps is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1995 en útbrocht waard op it album Load, fan Metallica út 1996. Until It Sleep wie it fjirde nûmer op it album en waard op 20 maaie 1996 útbrocht as earste single fan it album.

Until It Sleeps
algemiene ynformaasje
B-kant 2 X 4" (live)
artyst Metallica
album Load
taal Ingelsk
sjenre Hardrock
útbrocht 20 maaie 1996
opnommen 1995
doer 5:24
label Elektra
skriuwer James Hetfield,
Lars Ulrich
produsint James Hetfield,
Bob Rock,
Lars Ulrich
fideoclip
Metallica: Until It Sleeps (Official Music Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân top 40 - 9,
flagge fan Nederlân Single Top 100 - 5,
flagge fan Belgje Ultratop 50 - 8
prizen MTV - Best Rock Video - 1996
sertifisearre Austraalje goud,
Nij-Seelân goud,
  Noarwegen goud,
Sweden goud,
Feriene Steaten goud

Oer it nûmer

bewurkje seksje

De tekst fan it liet, skreaun troch Hetfield, giet oer de striid fan syn mem tsjin kanker, dêr't de "it" yn de titel ferwiist. Se kinne sjoen wurde as in beskriuwing fan de emosjonele pine dy't er fielt foar it ferlies, of de fysike pine dy't syn mem fielde doe 't se siik wie. Syn beide âlden wiene Christian Scientisten en leauden net yn de genêskunde. De teksten wurde ek ynterpretearre as it omgean mei lilkens problemen.

Oer de fideoclip

bewurkje seksje

De fideoklip hearrende by Until it Sleeps toant surrealistyske konsepten dy't te krijen hawwe mei de fal fan de minske, ûntliend oan ferskate skilderijen fan Jheronimus Bosch. Ofsjoen fan de algemiene foarmen dy't ynspirearre binne op de skilderijen fan Bosch, binne de promininte figueren yn de fideo it minskeitende meunster út The Garden of Earthly Delights, de fal fan Adam en Eva van Haywain en Christ in the Crucifige Eum (Crucify Him) scene fan Ecce Homo.