Untnazifisearring
It ûntnazifisearring of denazifisearring (Dútsk: Entnazifizierung) wie it proses dat yn de troch de alliearden besette Dútslân en Eastenryk nei de Twadde Wrâldkriich it suverjen fan dy lannen fan de nazy's. De middels dy't hja brûkten wiene propaganda om de befolking te konfrontearjen fan de misdieden fan de nazy's, it berjochtsjen fan nazy's neffens de Prosessen fan Neurenberch. Ek waarden guon nazy's yn de Amerikaanske besettingssône yn konsintraasjekampen opsletten en waarden hja ferbean wurk te sykjen. Nazistyske paramilitêre organisaasjes dy't nei de kriich noch wol bestiene, moasten útrûge wurde. Yn de Sowjet-besettingssône waarden nazy's nei kampen yn de Sowjet Uny stjoerd. Alle nazy-symboalen moasten ferdwine.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Untnazifisearring fan Wikimedia Commons. |