Untsliepeniskatedraal (Kolomna)
De Katedraal fan 'e Untsliepenis fan 'e Mem Gods (Russysk: Успенский собор; Uspenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn it kremlyn fan Kolomna, Ruslân.
Untsliepeniskatedraal Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
plak | Kolomna | |
koördinaten | 55° 06' N 38° 45' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Meletij Aleksjev | |
boujier | 1672-1682 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 501410644720116 | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste trijekoepelige katedraal waard yn 1379 boud yn opdracht fan Dmitri Donskoj, nei de earste oerwinning fan 'e Russen op it leger fan 'e Gouden Heap yn 'e Slach oan 'e Vozja-rivier. De earnstich fertutearzge katedraal waard yn 1672 ôfbrutsen. Yn tsien jier tiid liet Meletij Aleksjev de hjoeddeiske katedraal bouwe. De katedraal krige yn 1804 nije muorreskilderings.
De tsjerke waard yn 1929 plondere troch de bolsjewiken en de grêven fan 'e biskoppen fernield. Noch itselde jier moast de katedraal slute foar de earetsjinst.
Yn 1989 waard de katedraal werom jûn oan 'e Russyske-Otterdokse Tsjerke, dy't dêrnei fuort útein sette mei in grutte restauraasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор (Коломна)
|