Untsliepeniskatedraal (Vitebsk)

De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (Wyt-Russysk: Свята-Успенскі кафедральны сабор) is in otterdokse katedraal yn de Wyt-Russyske stêd Vitebsk. De katedraal leit op in heuvel op it plak dêr't de Vitsba yn de Westlike Dvina útmûnet. De oarspronklike roomsk-katolike katedraal waard yn 1936 troch de Sovjetautoriteiten ferneatige en yn de jierren 2001-2011 wer hielendal rekonstruearre.

Untsliepeniskatedraal
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Vitebsk
adres Ul. Krilova, 9
koördinaten 55° 11' N, 30° 12' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
eparchy Vitebsk-Orsja
Arsjitektuer
boujier 1743—1777; weropbou 2001-2011
sloopjier 1937
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 212Г000062
Webside
Side eksargaat
Kaart
Untsliepeniskatedraal (Vitebsk)
Untsliepeniskatedraal

Al yn heidenske tiden wie de heuvel dêr't de tsjerke op stie in hillich plak. It âldste dokumint dêr't in kristlik bouwurk op it plak yn neamd wurdt datearret fan 1406. Nei't tsaar Peter yn de Noardske Kriich de stêd yn 1708 yn brân stekke liet waard yn de jierren 1743—1777 op de lokaasje in barok kleasterkompleks boud.

 
De katedraal yn 1895

Nei de ûntbining fan dit Poalsk-Litouske Mienebest droech tsaar Paul I op 18 july 1799 de gryksk-katolike tsjerke oer oan de otterdokse mienskip. Yn 1804 waard in grutte koepel boppe it preesterkoer tafoege en waard de barokke gevel yn klassistyske styl ferboud.

De tsjerke waard by de fjildtocht yn 1812 fan Frânske troepen nei Ruslân plondere en brûkt as sikehûs. By it kleasterkompleks hearden ek de gebouwen fan it Teologyske Seminaarje fan Vitebsk. Nei oktober 1917 waarden it seminaarje en de katedraal yn Vitebsk sletten.

Yn 1926 waard de katedraal ûnteigene en steatseigendom. By de útfiering fan it Ateïstyske Fiifjierrenplan waard de katedraal yn 1937 opblaasd en oant de ta grûn ôfbrutsen. Yn 1949 waard op it plak fan de katedraal in grutte wurkpleats fan in slypmasjinefabryk boud. It fabryk rekke yn it neigean en it leechsteande gebou waard yn 'e simmer fan 1998 ôfbrutsen.

 
Weropbou yn 2008

Op 26 septimber 1998 lei patriarch Aleksi II in kapsule mei in betinkingsbrief op it plak fan 'e eardere katedraal en wijde de earste stien foar de weropbou fan 'e katedraal. De presidint fan Wyt-Ruslân, Aleksandr Lûkasjenko, ûnderstipe it plan foar de rekonstruksje en yn juny 2000 waarden de earste tariedings foar de bou útfierd.

Tsjin it ein 2009 waarden de klokketuorren foltôge en de koepels en klokken omheech takele. Op 28 septimber 2009 waard de tsjerke troch patriarch Kirill besocht. Oant en mei 2011 waard der noch fierder oan de tsjerke wurke en fresko's oanbrocht.

De rite fan 'e grutte wijing fan de katedraal fûn op 30 septimber 2011 plak troch de patriargale eksarch fan hiel Wyt-Ruslân en Minsk en Slûtsk, metropolyt Filaret.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: