Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan Tûla

De Katedraal fan de Untsliepenis fan de Mem Gods yn it kremlyn fan Tûla (Russysk: Успенский собор Тульского кремля; Uspenski sobor Tûlskoje Kremlja) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Tûla. De katedraal stiet yn it kremlyn fan Tûla tichteby de Kazantoer en is it bekendste tsjerkegebou fan de stêd. De katedraal waard tusken 1762 en 1766 boud. De tafoeging "yn it kremlyn fan Tûla" is om de katedraal te ûnderskieden fan in katedraal mei deselde namme dy't krekt efkes bûten de muorren fan it kremlyn stiet.

Untsliepeniskatedraal

Успе́нский собо́р

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Tûla
plak Tûla
koördinaten 54° 11' N 37° 37' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1762-1766
arsjitekt Net bekend
boustyl Barok
monumintale status Kultureel monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 7110014002
offisjele webside
De katedraal op de side fan it bisdom

Skiednis bewurkje seksje

 
De toer nei de brân (1936)

Oarspronklik stie der yn it kremlyn fan Tûla in houten katedraal út 1626, dy't wijd wie oan de Aartsingel Gabriël. De earste stiennen katedraal waard yn de jierren 1670-1680 boud en wijd oan de ûntsliepenis fan de Mem Gods. Noch gjin iuw letter rekke de katedraal yn ferfal en folge der ôfbraak.

Mei de bou fan de hjoeddeiske katedraal waard op 7 maaie 1762 útein set. Al nei twa jier wie it eksterieur fan de nijbou foltôge. De wijing folge lykwols net earder as op 19 oktober 1766. De Untsliepeniskatedraal wie in ûnferwaarme tsjerke en tsjinsten fûnen allinnich fan Peaske oant de Foarbeatiid plak.

Seis jier letter waard in begjin makke oan de bou fan in klokketoer, dy't yn 1781 ree kaam. Fan binnen waard de katedraal fan 1765 oant 1767 beskildere troch skilders út Jaroslavl, dy't wurken yn de bêste tradysje fan de Jaroslavl-skoalle.

 
De katedraal foar de lêste restauraasje

Yn de Sovjet-tiid waard de katedraal yn 1930 sletten. It wie it doel om der in ateïstysk museum yn ûnder te bringen, mar dy plannen waarden nea realisearre. In pear jier letter waarden in tal ikoanen en liturgysk materjaal fan de katedraal oerbrocht nei de Nikolaastsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich naam de belangstelling fan it arsjitekturale belang fan de eardere tsjerke stadichoan ta. Yn 1961 tsjinne it gebou as pakhûs foar produkten.

De restauraasje fan de katedraal sette yn maaie 1965 útein, in jier nei't al begûn wie mei ûndersyk nei en de restauraasje fan it kremlyn. Nei in renovaasje oan it tek, it fergulden fan de sipels en reparaasjes oan it muorrewurk waard yn de jierren 1980 begûn mei de restauraasje fan de ikonostase. Fan ôf 1988 begûnen Moskouse keunstners ek mei de restauraasje fan de fresko's yn de tsjerke. In lêste restauraasje fûn plak yn 2013. De koepels waarden op 'e nij fergulde en de tsjerke griis farve.

Yn 1991 waard de Untsliepeniskatedraal wer oan it bisdom Tûla oerdroegen.

Klokketoer bewurkje seksje

De fjouwer ferdjippings tellende klokketoer waard fan 1772 oan 1776 boud. Yn de toer kamen 22 klokken te hingjen en dêr boppe waard in oerwurk pleatst. Under de toer waard in ferwaarme tsjerke ta eare fan Tichon fan Amathus ynrjochte. De tsjerke yn de klokketoer waard yn 1894 oerdroegen oan de lytse mienskip fan de âldleauwenden, dy't yn it begjin fan de 20e iuw in eigen tsjerke bouwe lieten.

Yn de jûn fan 28 septimber 1936 bruts in brân yn de boppenste ferdjippings fan de toer út. Om't de druk fan de wetterslangen net tarikkend wie, slagge it allinnich om de ûnderste ferdjippings fan de toer te behâlden. De brân feroarsake ek skea oan de fresko's oan de westlike kant fan de tsjerke. Fanwegen de nuodlike sitewaasje foar it ferkear om de toer hinne, waard der yn 1937 besletten om de toer folslein ôf te brekken.

De rekonstruksje fan de klokketoer sette yn 2012 útein. Nei de rekonstruksje fan de toer waard op de earste ferdjipping wer in tsjerke iepene. De oan Dimitri Donskoi wijde tsjerke waard op 12 septimber 2015 konsekrearre.

Yn 2015 waard de klokketoer tegearre mei de restaurearre katedraal feestlik iepene.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Успенский собор Тульского кремля