Damklup Untspanning

(Trochferwiisd fan Untspanning)

Damklup Untspanning út Aldeboarn is oprjochte yn septimber 1937 troch it trio Willem van Kalsbeek, Willem Kingma en Meine Veld. De klup spilet yn Doarpshûs 'De Jister' oan de Skoallereed.

Earst waard spile yn de âlde dependance fan it gemeentehûs oan de Weaze. Dit pân wie ferboud as doarpshûs en hiet 'Ons Huis'. Doe't it gebou by de útwreiding fan Aldeboarn ôfbrutsen waard ferhuze de klup yn it seizoen 1960 - 1961 nei in nij ûnderkommen mei deselde namme oan de Brittenburg. Op 3 novimber 1987 gie de klup nei it hjoeddeiske adres omdat de kristlike skoalle plat gie. Hichtepunt wie yn 1966 doe't it earste team kanmpioen waard yn de Earste Klasse en promovearje mocht nei de Haadklasse.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: