Utjouwerij Louise
Utjouwerij Louise (Nederlânsk en offisjeel: Uitgeverij Louise) is in Fryske útjouwerij dy't fêstige is yn Grou. It is in selsstannich bedriuw dat op ideële basis oprjochte is yn it foarjier fan 2010. Neffens de ynformaasje op 'e eigen webside hat de útjouwerij him ta doel steld om "moaie boeken" te meitsjen, "wêrby't de minsklike mjitte foarop stiet. Boeken dy't derta dogge, boeken dêr't minsken oer neitinke en dêr't minsken wat by fiele." Utjouwerij Louise is ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert.
Utjouwerij Louise | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | Grou (Fryslân) | |
oprjochte | 2010 | |
offisjele webside | ||
www.uitgeverijlouise.nl |
Ien fan 'e bekendste útjeften fan Utjouwerij Louise wie Alpita de Jong har biografy fan Joast Hiddes Halbertsma: Joost Halbertsma 1789-1869: Triomfen en Tragedies van een Uitmiddelpuntig Man. Dat boek ferskynde yn it ramt fan it Halbertsmajier yn april 2018.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |