Vanessa Bell
Vanessa Bell, berne Stephen (Londen, 30 maaie 1879 - Charleston Farmhouse (Susseks), 7 april 1961) wie in Ingelsk keunstskilderesse en binnendoararsjitekte, lid fan de Bloomsburygroep en de suster fan Virginia Woolf.
Biografy
bewurkje seksjeBell wie de âldste dochter fan Sir Leslie Stephen en Julia Prinsep Jackson (1846 - 1895) en wenne oant 1904 op Hyde Park Gate 22 yn Londen. Sy krige thús ûnderrjocht yn talen, wiskunde en skiednis, en krige tekenlessen fan Ebenezer Cook, eardat sy nei Sir Arthur Cope syn keunstskoalle gie yn 1896. Dêrnei studearre sy skilderkeunst oan de Royal Academy yn 1901.
Nei it ferstjerren fan mem (1895) en heit (1904) ferkocht Vanessa Hyde Park Gate 22 en ferhuze nei Bloomsbury mei har bruorren Thoby (1880 - 1906) en Adrian (1883 - 1948), en har suster Virginia, dêr't sy kunde krigen oan keunstners, skriuwers en intellektuelen, dy't letter meiïnoar de Bloomsburygroep foarmen.
Yn 1911 boaske sy oan Clive Bell en krige twa soannen, Julian en Quentin. Se hienen in 'iepen houlik'. Bell hie in affêre mei keunstkritikus Roger Fry en mei de skilder Duncan Grant krige sy yn 1918 in dochter Angelica, dy't Clive as syn eigen dochter beskôge. Clive begûn sels in ferhâlding mei Mary Hutchinson.
Vanessa, Clive, Duncan Grant en Duncan's leafde David Garnett ferhuzen nei Susseks, krekt foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich, en setten har nei wenjen yn Charleston Farmhouse ûnder Firle, East Susseks, dêr't sy en Grant skilderen en arbeiden op kommisjebasis foar de Omega Workshops, oprjochte troch Roger Fry.
Skilderijen fan belang
bewurkje seksjeBell har meast wichtige skilderijen binne Studland Beach (1912), The Tub (1917), Interior with Two Women (1932) en portretten fan har suster Virginia Woolf (trije yn 1912), Aldous Huxley (1929-1930), en David Garnett (1916).
Referinsjes
bewurkje seksje- Sketches in Pen and Ink, Vanessa Bell
- A Passionate Apprentince: the early journals, Virginia Woolf
- A Moment's Liberty, Virginia Woolf
- A Very Close Conspiracy: Vanessa Bell and Virginia Woolf, Jane Dunn
- Vanessa Bell, Frances Spalding
- Duncan Grant, Frances Spalding
- Deceived with Kindness: a Bloomsbury Childhood, Angelica Garnett
- Elders and Betters, Quentin Bell
- Vanessa and Virginia, Susan Sellers (optochte dûbelbiografy)
- Charleston, Quentin Bell en Virginia Nicholson
- Virginia Woolf, Hermione Lee
- Wicked (Nessarose), Gregory Maguire
Keppelings om utens
bewurkje seksje- offisjele side fan it Charleston Farmhouse yn Susseks
- Biografy, plaatsjes ensafh. oanbean troch de Tate Gallery
- Wiki-Genealogy
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vanessa Bell fan Wikimedia Commons. |