Veena Malik (Urdu: ويتا ملک, berne Zahida Malik) (Rawalpindy, 26 febrewaris 1984) is in Pakistaanske aktrise, model en komediënne. Yn in tiid fan tsien jier hat sy wurke by nijsstjoerders en yn spylfilms meidien, prizen garre en wurdearring krigen foar de measte fan har optredens. Malik is sûnt in foaroansteand aktrise fan de Urdu-sinema (Lollywood). Sy is ek ferneamd om har stipe fan ferskate goede doelen, benammen as ambassatrise fan de World Health Organization.

Veena Malik op in set
Veena Malik

Persoanlik bewurkje seksje

Yn 2011 wie der opskuor yn Pakistan oer in bleatfoto fan Malik op de omslach fan de Yndyske edysje fan FHM-magazine; op de foto is sy te sjen mei de letters "ISI" op har boppe-earm -- de inysjalen fan Pakistan's kontroverzjele geheime tsjinst, Inter-Services Intelligence.

Filmografy bewurkje seksje

Film bewurkje seksje

Jier Film Taal
2000 Tere Pyar Mein Urdu
2002 Yeh Dil Aap Ka Huwa Urdu
Sassi Punno Urdu
2003 Pind Di chudail Pûnjabysk
2005 Koi Tujh Sa Kahan Urdu
Kyun Tum Se Itna Pyar Hai Urdu
2008 Mohabbatan Sachiyan Pûnjabysk
Kabhi Pyar Na Karna Urdu
Ishq Beparwaah Pûnjabysk
2012 Dal Mein Kuch Kala Hai Hindy; Bollywood debút
Tere Naal Love Ho Gaya Hindy; Bollywood liet

Telefyzje bewurkje seksje

Jier Programma Rol Oantekening
2008 Hum Sub Umeed Se Hain as harsels Presintaasje politike humor-show
2009 Miss Duniya harsel Pakistaanske reality-show
2010 Bigg Boss 4 harsels Yndyske reality-show
2011 Superstud harsels Yndyske reality-show
2011 Bigg Toss Reality Game Show harsels Yndyske reality-show
2011 Swayamvar Season 4 harsels Yndyske reality-show

Keppelings om utens bewurkje seksje