Vejle is in Deenske gemeente yn it easten fan Jutlân.

Velje
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Syddanmark
boargemaster Jens Ejner Christensen
sifers en geografy
haadplak Velje
grutste plak Velje
ynwennertal 114.140 (2018)
oerflak 1.062,00 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.vejle.dk

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 troch de lanlike gemeentlike weryndieling. De folgjende gebieten binne doe by de gemeente Vejle foege:

  • de âlde gemeente Velje
  • de eardere gemeente Børkop
  • de eardere gemeente Egtved (mei útsûndering fan de parochy Vester Nebel, dy't by de gemeente Kolding foege waard)
  • de eardere gemeente Give (mei útsûndering fan in diel fan it fleanfjild Billund, dat by de gemeente Billund foege waard)
  • de eardere gemeente Jelling
  • it kerspel Grejs fan de eardere gemeente Tørring-Uldum

De gemeente hat in ynwennertal fan 114.140 (01.01.2018) en in oerflak fan 1.062,00 km². Velje makket diel út fan de regio Syddanmark en wurket mei fiif oanbuorjende gemeente gear yn de regio Trekantområdet (Triangel regio).

De haadstêd fan de gemeente is Vejle.

Grutste plakken fan de gemeente
Nr Plaknamme Ynwenners (2017)
1 Vejle 55.876
2 Børkop 5.435
3 Give 4.603
4 Jelling 3.443
5 Brejning 3.016
6 Egtved 2.329
7 Skibet 2.085
8 Bredsten 1.694
9 Ødsted 1.462
10 Thyregod 1.384

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: