Ventspils

(Trochferwiisd fan Ventspils (stêd))

Ventspils (útsprutsen: ˈvæntspils, Russysk: Вентспилс; Dútsk: Windau; Poalsk: Windawa; Lyflânsk: Vǟnta) is in stêd yn it noardwesten fan Letlân oan de kust fan de Eastsee mei 431.998 ynwenners (2012). It is neamd nei de rivier de Venta dy der trochhinne streamt.

Ventspils
Flagge Wapen
Polityk
Gemeente Stêdsgewest Ventspils
Sifers
Ynwennertal 32.948↓ (2023)
Oerflak 55,4 km²
Befolkingstichtens 570/km²
Oar
Stifting 1290
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten 57° 23´N 21° 34´W
Webside www.ventspils.lv
Ventspils Boarch fan de Lyflânske Oarder

Ventspils ûntjoech him op it plak fan in kastiel fan de Lyflânske Oarder, foar it earst neamd yn 1290. Yn 1314 sleat it him oan by de Hânze, in wichtich ekonomysk gearwurkingsferbân.

Ventspils hat in wichtige iisfrije Eastseehaven. Grutte mannichten oalje en oare mineralen út Ruslân wurde der ferskippe. Hjirtroch is it de rykste stêd fan Letlân.

De stêd hat in universiteit, de Ventpils Augstskola, en it meast suksesfolle basketbalteam fan Letlân, BK Ventspils.

Tritich kilometer benoarden de stêd, by it doarpke Irbene, leit de âld-Sowjet radio-astromomyske ynstallaasje VIRAC (Ventspils Starptautiskais Radioastronomijas Centrs of Ventspils International Radio Astronomy Centre). It bestean fan dat sintrum wie foar de measte Letten geheim oant it ferdwinen fan de Russyske militêren yn 1994.

Ventspils Airport, ien fan de trije ynternasjonale fleanfjilden yn Letlân leit tichteby de stêd. Fanút Ventspils binne der fearferbinings mei Stockholm en it eilân Saaremaa fan Estlân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje