Vickers Vimy


Rol Bommesmiter
Makker Vickers Limited
Untwerper Reginald Kirshaw Pierson
Earste flecht 30 novimber 1917
Yn tsjinst 1918
Ut tsjinst 1933
Tal makke 239[1] (1918 oant 1925)
Grutste brûker Royal Air Force
Fariant Sjoch tekst, Vickers Vernon

De Vickers Vimy wie in Britske swiere bommesmiter út de Earste Wrâldkriich en de perioade fuort dernei. It tastel wie militêr súksesfol en letter ek as boargertastel. Yn de perioade tusken de Wrâldoarloggen binne der ferskate lange-ôfstân rekordsflechten (LOF) mei makke, de bekendste is de non-stop Transatlantyske flecht fan Alcock en Brown yn juny 1919. In oare tige bekende LOF mei in 'Vimy' is dy fan de bruorren Ross Smith en Keith Smith dy't 17.912 km fan Austraalje nei Ingelân fleagen krekt ûnder de 136 oeren.

De Vimy fan de bruorren Smith
Vickers Vimy Replika, 2005
Vickers Vimy Commercial

Technyske eigenskippen (Vimy Mk I)

bewurkje seksje
  • Bemanning: 2
  • Lingte: 13,27 m
  • Spanwiidte: 20,75 m
  • Hichte: 4,76 m
  • Fleugeloerflak: 123,5 m²;
  • Leechgewicht: 3222 kg
  • Startgewicht: 5670 kg
  • Motors: 2 × Rolls-Royce Eagle VIII, 270 kW (367 hk)
  • Heechste faasje: 165 km/h
  • Fleanberik: 1448 km
  • Tsjinstfleanhichte: 2135 m
  • 1 × 7,7-mm-Lewis-masinegewear yn de búk
  • 1 × 7,7-mm-Lewis-Masinegewear yn 'e midden fan de romp.
  • Bommelading: 1123 kg
  • F.B.27 Vimy: Prototypes; fjouwer fan boud.
  • F.B.27A Vimy II: Twa-motorige swiere bommesmier foar de RAF.
  • Vimy Ambulance: Loftambulânse ferzje foar de RAF.
  • Vimy Commercial: Boarger transport ferzje. Oandreaun troch twa Rolls-Royce Eagle VIII motors.

Streamline hie men yn de begjinperioade fan de loftfeart noch gjin aan fan. De loftwjêrstân fan dy tastellen wie grut. Fan de Vimy waard wol gekjeiend sein dat der 'in ynboude efterút hie', om't it by in stive tsjinwyn it hast like as stie er stil yn de loft.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Owen Thetford: By Day and by Night – Vickers Vimy. Yn: Aeroplane Monthly. Desimber 1992, s. 38.