Videojockey (útspr. ['vɪdioʤɔki], likernôch: "widdiodzjokky"), of yn ferfryske foarm fideojockey, is in presintator of presintatrise op 'e tillefyzje by in muzykstjoerder of fan in muzykprogramma op in algemiene stjoerder wêryn't fideoklips draaid wurde. De term wurdt gauris ôfkoart ta vj of VJ (útspr.: ['vi:ʤe:], likernôch: "wiidzjee"). It wurk fan sa'n videojockey bestiet grutdiels út it oaninoar praten fan fideoklips. De term is analooch oan in discjockey of dj op 'e radio. Guon bekende Nederlânske videojockeys (of eardere videojockeys) binne:

Bridget Maasland sette har karriêre útein as videojockey.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.