Thomas Vilhelm Pedersen (Køge, 28 jannewaris 1820Kopenhagen, 13 maart 1859) wie in Deensk keunstskilder en yllustrator dy't foaral bekend waard fan syn yllustraasjes by de mearkes fan Hans Christian Andersen. Hy wie de earste keunstner dy't Andersen's wurk yllustrearre. Syn tekeningen waarden oerset op houtblok en brûkt yn de Deenske en Dútske edysjes. Hy waard ûnderskieden mei de Oarder fan de Dannebrog.

Vilhelm Pedersen
keunstner
Vilhelm Pedersen
Vilhelm Pedersen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Vilhelm Pedersen
nasjonaliteit flagge fan Denemark Deensk
berne 28 jannewaris 1820
berteplak Køge
stoarn 13 maart 1859
stjerplak Kopenhagen
wurkpaad
wurksum as Yllustrator, skilder
bekendste
  wurk(en)
Yllustraasjes by de mearkes fan H.C. Andersen.
Sêne fan de Slach fan Eckernförde

Ynearsten gie er yn de fuotleasten fan syn heit en waard er ofsier yn de Keninklike Deenske Marine. Hy hie niget oan tekenjen en yn 1843 joech Kristiaan VIII him fjouwer jier betelle ferlof om him de gelenheid te jaan in karriêre as keunstner op te bouwen. Hy studearre by Wilhelm Marstrand en skreau him yn by de Keninklike Deenske Akademy fan Skiene Keunsten. De earste útstalling fan syn wurk wie yn 1847, mar hy gie frijwillich werom it leger yn by it útbrekken fan de Earste Dútsk-Deenske Oarloch. Hy die mei yn de Slach fan Eckernförde dy't letter it ûnderwerp fan twa skilderijen wurde soe. Dêrnei pakte er syn Marinekarriêre wer op en tsjinne dêr oant syn dea yn 1859.[1]

Pedersen syn soannen Thorolf (1858-1942) en Viggo (1854-1926) wiene ek skilders.

Hans Christian Andersen

bewurkje seksje

Andersen's ierste ferhalen waarden publisearre sûnder yllustraasjes, mar yn 1849 ferskynde in samling fan syn ferhalen mei 125 plaatsjes fan Pedersen dy't doe noch in jong marine-ofsier wie. Anderson wie tige wiis mei Pedersens yllustraasjes, dy't hjoed de dei yn Denemark beskôge wurde as net los te sjen fan de mearkes, lykas ek John Tenniel syn yllustraasjes dat binne foar Lewis Carroll's Alice in Wonderland of Quentin Blakes yllustraasjes foar Roald Dahl's berneboeken.

Houtfiken fan Pedersen's tekeningen waarden foar it earst makke foar in Dútske edysje fan de ferhalen dy't útbrocht waarden troch Carl B. Lorck yn Leipzig. Andersen's Deenske útjouwer, C.A. Reitzel, betelle Lorck foar de rjochten op Pedersen's yllustraasjes.


Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vilhelm Pedersen