Vilnelė
De rivier Vilnelė (Vilnia) ûntstiet yn de buert fan de grutste hichte fan Litouwen by de grins mei Wyt-Ruslân. By dy grins lâns rint er in stikmannich kilometers fierder. In part fan de rivier hat in grut ferrin: 40 meter op 10 kilometer, sadat in soarte fan rûchwetter peddeljen mooglik is. Yn Vilnjûs skiedet de rivier it stêdspart Užupis fan de âldstêd en rint dan fierder by it Kalnų Park(a)s lâns en mûnet dan ûnder de Gediminasbrêge yn de Neris út.
De rivier hat in lingte fan 79,5 kilometer.