Virginie Demont-Breton

Virginie Élodie Marie Thérèse Demont-Breton (berne op 26 july 1859 yn Courrières; ferstoarn op 10 jannewaris 1935 yn Parys) wie in Frânske keunstskilder.

Virginie Demont-Breton
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Virginie Élodie Marie Thérèse Demont-Breton
berne 26 july 1859
berteplak Courrières
stoarn 10 jannewaris 1935
stjerplak Parys

Har heit Jules Breton en har omke Émile Breton wiene beide ek bekende keunstskilders. Troch har heit kaam hja yn 'e kunde mei oare skilders, wêrûnder ek Rosa Bonheur, dy't har mentor wie. Hja boaske yn 1880 mei de skilder Adrien Demont.

Troch de famyljebannen mei oare skilders sette har artistike wurkpaad al rillegau útein. Al op har fjirtjinde makke hja har earste skilderij. Doe't hja twintich wie hie hja al in eksposysje mei goede kritiken en fjouwer jier letter yn 1883 krige hja foar har wurk op de Wrâldútstalling fan Amsterdam in gouden medaille. It wurk fan Demont-Breton fûn letter syn wei nei útstallings yn it Palace of Fine Arts en de World's Columbian Exposition yn Chicago

Yn 1890 ferhûze hja mei har man yn 1890 nei Wissant, in lyts doarpke oan de Côte d'Opale, dêr't hja in villa sette lieten troch de Belgyske arsjitekt Edmond De Vigne. It yn neo-Egyptsyke styl boude hûs krige de namme "Typhonium" en is sûnt 1985 in histoarysk monumint.

Demont-Breton wie fan 1895 oant 1901 ek foarstiter fan de "Union des femmes peintres et sculpteurs", in fakbûn foar skilders en byldhouwers. Tegearre mei Hélène Bertaux krige hja it foarinoar dat de École des Beaux-Arts ek iepensteld waard foar froulju. Har krewearjen soarge mei dat artistike middels dy't earder foar froulju útsletten waarden, lykas neakene modellen, ek oar froulju beskikber waarden.

Demon-Breton wie nei Rosa Bonheur de twadde frou dy't yn 1894 mei de Légion d'honneur ûnderskieden waard. Yn 1913 waard hja keazen ta de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten van Antwerpen. Oarspronklik skildere hja portretten en histoaryske foarstellings. Nei de ferhûzing nei Wissant skildere hja fral fiskers mei harren famylje yn realistyske styl. Yn 1889 skildere Vincent van Gogh syn eigen ferzje fan har skilderij "L'Homme Est en Mer". In oar motyf dat Demont-Breton graach skildere wie memmen mei bern yn de natoer.

In soad wurk fan Demon-Breton is yn partikulier besit en yn regionale musea fan Noard-Frankryk te sjen.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Writings, References en Further reading, op dizze side.