Vitus Jacobus Bruinsma (Ljouwert, 1850 - Rotterdam, 28 augustus 1916) wie in learaar en politikus. Hy wie learaar oan de MMS yn Ljouwert en letter oan it gymnasium te Ljouwert. Naam yn 1891 ûntslach en sette him nei wenjen op De Gordyk.

Vitus Bruinsma

Ferwidert him fan de roomske tsjerke en wurdt ateïst. Bekend is syn striid tsjin de kwaksalverij. Skriuwt mei syn broer G.W. Bruinsma De kwakzalverij met geneesmiddelen en de middelen om haar te bestrijden (1876). Letter redakteur fan it moanneblêd fan de Feriening tsjin kwaksalevrij. Mingt him yn de politike striid. Bekend sprekker fan de Feriening foar Algemien Kiesrjocht. Wurke ûnder oare mei oan it Friesch Volksblad. Stie oan op de ôfskaffing fan de sûkeraksyns. Lid fan it Sosjaal-Demokratysk Bûn (1893). Lûkt him troch sûnensproblemen werom út de aktive polityk. Skreau noch lang haadartikels yn de 'Bildtse Courant'

  • 1875: Over de electrolyse van organische stoffen, in het bijzonder van zuringzuur. (dissertaasje, Ljouwert).
  • 1898: Plantenschat : Inleiding tot de kennis der flora van Nederland.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: