Vladimir Korolenko

Vladimir Galaktionowitsj Korolenko (Володимир Галактионович Короленко); 27 july 1853 - 25 desimber, 1921) wie in Oekraynsk-Russysk skriuwer fan koarte ferhalen, sjoernalist, minskerjochtenaktivist en humanist. Syn koarte ferhalen binne bekend fan it hurde tekenjen fan ûnmeilydsume natuer, basearre op syn ûnderfinings yn Sibearje doe't er dêrhinne ferballe wie. Korolenko wie tige kritysk op it tsaristyske rezjym en letter ek op de Bolsjewisten.

Vladimir Korolenko

Korolenko wurdt algemien beskôge as in liedend Russysk skriuwer fan it lêste part fan de 19e iuw en de betide 20e iuw.

De asteroide 3835 Korolenko is nei him neamd, yn 1977 ûntdutsen troch de Sovjet astronoom Nikolai Stepanovitsj Chernykh.

Syn wichtichste wurk:

  • Son Makara (1885) 'Makars Dream' (1891);
  • Slepoi Muzykant (1886) 'De bline Muzykman' (1896-1898);
  • V durnom obshchestve (1885) 'Min selskip';
  • Les Shumit (1916);
  • Reka igraet (1892)
  • Za Ikonoi
  • Bez Yazyka (1895) of 'Sûnder Taal';
  • Mgnovenie (1900);
  • Siberian Tales (1901);
  • Istoria moego sovremmenika of 'De skiednis fan myn tiidgenoaten' in autobiografy (1905-1921).
  • "Человек создан для счастья, как птица для полета, только счастье не всегда создано для него" ('Minsken binne skepen foar it lok, fûgels binne skepen om te fleanen, mar it lok is net altyd foar harren skepen'.) (Paradox)
  • "Насилие питается покорностью, как огонь соломой" ('Geweld wurdt fieden troch ûnderwurpenens sa't fjoer fieden wurdt troch drûch gers.)
  • "Лучше даже злоупотребления свободой, чем ее отсутствие" (It is better misbrûk fan frijheid te hawwen as hieledal gjin frijheid.)

Keppelings om utens

bewurkje seksje