Vladytsjny-kleaster
It Vladytsjny-kleaster (Russysk: Введенский Владычный монастырь, Vvedenski Vladytsjny monastyr) is in Russysk-otterdoks kleaster yn 'e Russyske stêd Serpûchov (oblast Moskou). It kleaster leit bûten de binnenstêd by it plak dêr't de Nara yn 'e Oka mûnet.
Vladytsjny-kleaster Владычный монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
plak | Serpûchov | |
koördinaten | 54° 53' N 37° 23' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1360 | |
oprjochter | Aleksius fan Moskou | |
opheffing | 1920 | |
weriepening | 1995 | |
Ynformaasje bou | ||
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 501420644440006 | |
Webside | ||
Hiemside fan it kleaster | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard mei help fan prins Vladimir de Stoute troch metropolyt Aleksius fan Moskou yn 1360 stifte. It bestiet út fjouwer 16e-iuwske en 17e-iuwske tsjerken. De katedraal waard boud ûnder Boris Godûnov en wijd oan 'e Opdracht fan Marije yn 'e Timpel. Yn 'e katedraal wurde de reliken fan 'e 14e-iuwske muonts Varlaam bewarre, dy't beskôge wurdt as de bouwer en de earste abt fan it Vladytsjny-kleaster
Jierrenlang hie it kleaster in soad grûnbesit en in grutte mienskip fan muontsen. Tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw makke it kleaster lykwols in tiid fan delgong mei. It wie in earmoedich kleaster woarn en it tal muontsen wie foars tebekrûn. Yn 1806 besocht de metropolyt Platon it kleaster nij libben yn te blazen as in nonnekleaster en yn 1806 setten de earste nonnen harren yn it kleaster nei wenjen.
It kleaster makke wer in tiid fan bloei en rykdom mei ûnder de abdis Mitrofania (1825-1899) en as dochter fan in baron hie hja in soad kontakten oan it keizerlike hof. Nei 13 jier it kleaster bestjoerd te hawwen, waard hja oppakt foar it ferfalskjen fan promessen en nei in proses mei in soad publisiteit waard hja feroardiele ta ferballing nei Sibearje. Aleksandr Ostrovski (1823-1886) basearre syn toanielstik 'Wolven en Skiep' op syn yndrukken by it bywenjen fan de rjochtsgong yn 1874.
Yn 'e jierren 1920 waarden de nonnen ferjage en it kleaster ûnthillige. De gebouwen waarden oan in militêre piloateskoalle jûn. Yn 'e Sovjet-tiid rekken de gebouwen yn it neigean, mar nei de Twadde Wrâldkriich waarden de katedraal en tsjerken yn 'e jierren 1970 wer restaurearre yn 'e oarspronklike steat. Nei't it kleaster yn 1995 wer troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn gebrûk naam waard, folge noch in nije restauraasje.
Oanslach
bewurkje seksjeOp 13 desimber 2021 rekken 12 studinten yn 'e âldens fan 11 oant 18 jier ferwûne by in oanslach op 'e otterdokse skoalle fan it kleaster. De fertochte wie fan doel om de oanslach te plegen op it stuit dat it moarnsgebed sprutsen waard. De doar siet lykwols fêst en dêrom blaasde er it eksplosyf by de drompel op. De otterdokse studinten rûnen oer it generaal lichte brân- en snijwûnen op. De fertochte, in man fan 18 jier dy't ek op de skoalle sitten hie, rekke sels in foet kwyt en moast yn kritike tastân yn it sikehûs behannele wurde.
De fertochte hie nei in ferwidering fan syn skyldklier fanwegen kanker psychyske klachten en krige sûnt 2020 anty-depressiva foarskreaun, hy wie sljocht op sjitspultsjes en ûnder behanneling fan in psycholooch.
Tsjerken
bewurkje seksjeIt kleaster bestiet út fjouwer tsjerken:
- De katedraal fan 'e Opdracht fan Marije yn 'e Timpel (of Marije-Presintaasjetsjerke); oarspronklik boud yn 1362 troch Varlaam fan Serpûchov, dêrnei ferboud. De tsjintwurdige katolikon waard ûnder it bewâld fan Boris Godûnov boud.
- Tsjerke fan Aleksis de Metropolyt (1695)
- Sint-Joaristsjerke (1599)
- Teodotus fan Ancyratsjerke (1599; poartetsjerke)
Reliken
bewurkje seksjeIt kleaster hat ikoanen mei reliken fan Nikita de Stylyt en Lazarus fan Betanië. Dêrnjonken wurdt yn de katedraal ek in mirakuleus ikoan bewarre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Введенский Владычный монастырь, foar boarnen oer de oanslach fan 13 desimber op it skoalgebou sjoch: ru:Взрыв у гимназии Введенского Владычного монастыря
|