Voortrekker (organisaasje)
De Voortrekkers (Afrikaansk foar 'paadsljochters') is in Súd-Afrikaanske jongereinferiening, oprjochte yn Bloemfontein (Súd-Afrika) yn 1931 as nasjonaal alternatyf foar it ‘Ingelske’ skouting. Hjoed de dei is de feriening in nasjonale feriening mei ek leden yn Namybje. De Voortrekkers binne ferneamd nei de paadsljochters dy’t mei okseweinen troch Súd-Afrika lutsen, wat wer werom slacht op it nasjonalistyske karakter fan de feriening.
De Voortrekkers ha in eigen identiteit ûntwikkele om wat sy as it ABC fan harren organisaasje nimme hinne; Afrikanerskap (Afrikanerskip), Burgerskap (boargerskip) en Christernskap (kristenskip). It doel fan de Voortrekker feriening is “goeie en sûne wille” mei as útgongspunt om “moderne Afrikaners, positive boargers en konsekwinte Kristenen” te wêzen.