Voronovo (bûtenpleats)

Voronovo is in oarspronklike bûtenpleats mei in rike histoarje op likernôch 40 km. súdwestlik fan Moskou yn de oblast Moskou. Fan de bûtenpleats bleau it slot, it park, it Nederlânske Hûs en de Ferlossertsjerke bewarre.

Voronovo

Вороново

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
bysûnderheden
boujier 18e oant 20e iuw
offisjele webside
voronovo.info

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard op it lângoed in sanatoarium fêstige, tsjintwurdich is it in revalidaasjesintrum. Yn de Sovjet-tiid waard yn de jierren 1970 in modern gebou yn de styl fan it Sovjet-modernisme oan it kompleks tafoege.[1]

Oarspronklik hearde de bûtenpleats ta it besit fan it âlde aadlike geslacht Volynksy, wêrfan't de stamfaar Dimitri Michailovitsj Volynsky-Bobrok wie, dy't him fertsjinstlik makke hie by de slach by Kûlikovo.

 
Nederlânske hûs
 
Ferlossertsjerke

De bûtenpleats foel yn de 18e iuw oan de steat ta nei't Artemy Petrovitsj Volynsky fanwegen ûnderstelde gearspanning en wangedrach arrestearre, rêdbraakt en op 27 juny 1740 ûnthalzje waard. Alle syn besittings waarden konfiskearre, mar ûnder de nije tsarina, Elizabeth Petrovna, mochten syn dochters Anna en Maria nei de ferballing nei Sibearje wer yn Moskou wenje. In diel fan de besittings fan Artemy Volynsky waard oan de bern werom jûn en sa foel de bûtenpleats Voronovo oan Volynsky's dochter Maria ta as breidskat. Hja troude mei greve Ivan Illarjonovitsj Vorontsov, dy't him nei wenjen sette op it slot en doe begûnen ek de heechtijdagen fan sawol it slot as it park. Ut dizze tiid datearje de noch besteande Ferlossertsjerke, dy't op it plak fan in houten tsjerke boud waard, en it Nederlânske hûs, beide bouwurken fan de arsjitekt Karl Blank.

Yn 1775 die Katarina II mei har gefolch tidens de weromreis fan Kalûga nei Moskou it slot oan en bleau der oernachtsjen. Ta oantinken fan de besite waarden twa stiennen obelisken lâns de haadleane nei it slot boud, dy't net bewarre bleaun binne.

It wurk fan Ivan Illarjonovitsj Vorontsov waard troch syn soan Artemy Ivanovitsj fuortset en de ferneamde arsjitekt Nikolai Aleksandrovitsj Lvov krige de opdracht om it slot, de stoeterij en it park op 'e nij te bouwen. It waard in prachtich paleis mar de kosten waarden te heech en om't er ta reapsein wie moast Artemy Ivanovitsj it lângoed yn 1800 ferkeapje oan de Russyske steatsman greve Fjodr Rostoptsjin. Tolve jier wenne Rostoptsjin op it lângoed, earst permanint en letter fan de maaitiid oant de hjerst, wylst hy winterdeis yn Moskou ferbleau. Doe't de Frânsen tidens de ynvaazje yn 1812 tichterby kamen, joech de greve syn liifeigenen tastimming om Voronovo te ferlitten om't hja net ûnder de Frânsen libje woene. Dêrnei stiek Rostoptsjin it slot yn 'e brân om sa tefoarren te kommen dat it yn hannen fan de fijân foel. Efkes letter arrivearren de Frânsen en op de doar fan de tsjerke troffen hja de folgjende boadkip fan de greve oan:

Foar acht jier mocht ik yn dit doarp graach mei myn hûshâlding wenje. Mar no't jim tichterby komme moasten de bewenners fan it doarp harren stee ferlitte en no ferried ik myn eigen hûs en hear, sadat it net troch jim oanwêzigens besmoarge wurdt.

Nei de kriich ferliet Rostoptsjin it lân, mar hie kaam nei Ruslân werom om te stjerren. Oant hjoeddedei is it in riedsel wêr't de skatten fan it paleis bleaun binne. It slot waard wer opboud, mar dan yn in ienfâldiger opset.[2]

De lêste eigner fan it lângoed wie Anna Sergejevna, in dochter fan Sergej Dimitrivitsj Sjheremetev en de hofdame fan tsjarina Maria Feodorovna, sûnt 1894 troud mei Aleksander Petrovitsj Sabûrov, de gûverneur fan Petrograd oant 1917. Yn 1924 waard Anna Sergejevna troch de bolsjewiken arrestearre en nei in koarte tiid yn de finzenis ferballe nei Kalûga en letter Vladimir. Har man waard yn al earder arrestearre en yn jannewaris 1919 eksekutearre.[3]

  • It haadgebou is in foarbyld fan it eklektisisme fan de 19e iuw. Yn 1949 waard yn it ramt fan de nije funksje fan ûntspanningssintrum yn it sintrale diel fan de eastlike gevel in sterk nei foarren springende portico oanboud. Oan de noardlike fleugel waard neat feroare en de súdlike fleugel waard neffens de âlde plannen renovearre.
  • De yn de styl fan de Elizabethaanske barok boude Ferlossertsjerke datearret út de jierren 1752-1762 boud en hat in frijsteande klokketoer. Ek yn de Sovjet-perioade bleau de tsjerke iepen, sadat it orizjinele ynterieur noch jimmeroan yntakt is.
  • It "Nederlânske hûs" hat in gevel mei in pediment as bekroaning. De rolwurkgevel is fersierd mei fazen en hat dekoraasjes fan wite stien. It hûs is krekt as it Nederlânske hûs yn Kûskovo en de Ferlossertsjerke in ûntwerp fan Karl Blank.[4]
  • Fan de grutte hynstestâlen fan greve Rostoptsjin bleau nei de brân yn 1812 allinnich in hoektoer oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]