Wâldfeartsbrêge
(Trochferwiisd fan Wâldfeartbrêge)
De Wâldfeartsbrêge, yn de folksmûle: De bult syn bruege[2] is in ophelbrêge yn Snits, dy't datearret út 1893 en dy't makke is fan getten izer (heechboukonstruksje) en hout (brêge). It is in J.P. Hogendijk-brêge.
Wâldfeartsbrêge | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Snits | |
oer | Wâldfeart | |
farwei | Stedsgrêft/Wâldfeart | |
koördinaten | 53°01' N 5°39' E | |
Eigenskippen | ||
type | flapbrêge | |
trochfarhichte | 0.81 m (sletten)[1] | |
trochfarbreedte | 5.80 m | |
materiaal | izer, hout | |
Kaart | ||
De brêge foarmet op it wetter de ferbining tusken de Stedsgrêft (Snits) en de Wâldfeart. Op strjitte ferbynt de brêge de Prinsengrêft en de Wâldfeartkaai. Allinnich yn it drokke farseizoen is in staazje-brêgewachter oanwêzich. Yn de oare perioade wurdt de brêge troch de brêgewachter op de Lemmerbrêge meibetsjinne.
Fartugen rjochting Stedsgrêft betellen, yn 2011, in brêgejild fan € 2,-. In 2012 is it brêgejild yn Súdwest-Fryslân lykwols ôfskaft.[3]