It Wâldgieltsje is in ierappelsoarte dy’t benammen yn de Fryske Wâlden iten wurdt. Hy komt fuort út it gieltsje, in ierappelras dêr’t ek oare Fryske ierappelsoarten as it Berltsumer gieltsje, it Wierumer gieltsje en it Lange gieltsje út fuort komme.

It is yn fergelyk in lytse jirpel mei in tin jaske. Hy kin betiid yn it seizoen dolde wurde, sa healwei july. Under deskundigen is it wâldgieltsje in kwaliteitjirpel. It wâldgieltsje hat in stik as wat eigenskippen dy’t ek foar oare jirpels ynteressant binne. Sa hat hy in bêste wjerstân tsjin sykten en is hy lang te bewarjen. Dêrom binne der ek plannen om it wâldgieltsje mei oare ierappelsoarten te mingen.

It ras hat om 1700 hinne al yn de provinsje west. Om 1800 hinne wienen der sa’n fiif soarten yn Fryslân. Nei alle gedachten is it ras troch Frânske protestanten nei Fryslân brocht. Kwekers hawwe troch de jierren hinne troch seleksje harren eigen gieltsje ûntwikkele.

Healwei de jierren ’50 fan de 20e iuw rekke de ierappel wat út byld omdat oare jirpelrassen mear opsmieten. Mar ûnder in lyts groepke minsken bleaun it ras bestean. Benammen de famylje Wilman fan Ingwierrum hat in wichtige rolle spile by it behâld fan it soarte.

Sûnt 2007 wurdt de jirpel yn it projekt Wâldpyk en Wâldprodukten belutsen. Under de namme Wâldpyk wurdt it, mei oare produkten út de Fryske Wâlden, op de merk brocht. Yn 2009 krige it jirpelras it keurmerk Erkend Streekprodukt oanbean troch de Stifting Streekeigen Produkten Nederlân.

De jirpel kin yn de skyl sean wurde. Hy wurdt ûnder oare by de soerstip iten.

Keppelings om utens

bewurkje seksje