De Wâldsang, ek bekend as Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden, is in Frysk folkssankje dat om-ende-by 1845 skreaun is troch Frysk skriuwer en skoalmaster Harmen Sytstra. It wurdt songen op 'e wize fan "Giovani liete, fiori spargete" út Mozarts opera "Le nozze di Figaro".

Tekst bewurkje seksje

Kûplet 1 bewurkje seksje

Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden;
Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn.
Blier, laitsjend boulân, tierige greiden,
Sjongende fûgels, sânich de grûn.
Sjongende fûgels, sânich de grûn.
Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden;
Smûk, skaadzjend beamtegrien, oeral yn 't rûn.
Oeral yn 't rûn, yn 't rûn, oeral yn 't rûn.