Wânswerterpolder

(Trochferwiisd fan Wânswerter polder)

De Wânswerterpolder wie in polder by Wânswert, dy't bemeald waard troch wettermûne de Victor.

Wânswerterpolder
De Victor
De Victor
bysûnderheden
oerflak 155 ha
drûchlein 1867

De polder waard oprjochte yn 1867. Hy wie 155 hektare grut en waard begrinzge yn it easten troch de grintwei nei Jislum, yn it suden troch de Dokkumer Ie, yn it westen troch de Kontribúsjefeart en yn it noarden troch de Kweajensdyk en de polder fan de sathe "Hikkaard of Loosslot".
It earste polderbestjoer bestie út fiif boeren. Dat bestjoer krige fan de yngelannen de opdracht in mûne op te rjochtsjen, polderdiken, dûkers en brêgen oan te lizzen, en wettergongen graven te litten. Alle kosten meiïnoar waarden yn maart 1868 nei ferhâlding fan de klasse-yndieling omslein oer de eigners fan lân yn de polder. It belang by de ôfwettering hong of fan de hichte fan it lân en derfoar waard it lân yndield yn sân klassen. De klasse fan it leechste lân moast 145 sinten de hektare yn it jier betelje, de klasse fan it heechste lân 35 sinten. De earste yndieling waard dien troch in komitee fan fjouwer man: twa boeren fan bûten de polder, de mûnemakker en de doarpsskoalmaster fan Wânswert. Nei san jier mocht in eigner oanfreegje de grûnslach opnij te oerweagen. It polderbestjoer moast ek foar in mûner soargje. Dat moast in "bedaard en geskikt persoan fan gehiel oanspraaklike "gedrach" wêze. Dat is hjoed de dei noch sa. De beneaming wie foar twa jier.

De mûne foar de hiele polder kaam yn de plak foar 6 lytse mûntsjes en 3 pealtsjaskers. Dy waarden troch de boeren sels betsjinne. Yn 1977 is de mûne opnij restaurearre. De eigner is no de Stifting "De Fryske Mole". Dy stifting hat 45 mûnen yn eigendom.