Würzbrunnentsjerke
De Würzbrunnentsjerke (Dútsk: Würzbrunnenkirche) is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de grifformearde gemeente Röthenbach im Emmental yn it Switserske kanton Bern. Njonken de tsjerketsjinsten wurdt it tsjerkje ek brûkt as troulokaasje. De tsjerke is in monumint fan nasjonaal belang.
Würzbrunnentsjerke
Würzbrunnenkirche | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Bern | |
plak | Röthenbach im Emmental | |
adres | Würzbrunnen 294, 3538 Röthenbach im Emmental | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1494 | |
boustyl | Gotyk | |
offisjele webside | ||
Side grifformearde gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeAlhoewol't de tsjerke yn de roomske tiid oan Stefanus wijd waard, wie it in beafeartstjerke, dêr't de reliken fan de hillige Wolfgang fereare waarden.
Foar de hjoeddeiske letgoatyske tsjerke stie earder in houten tsjerke. Paus Eugenius III foege de Würzbrunnentsjerke en it lytse kleaster fan Röthenbach yn 1148 by it kleaster Rüeggisberg. Nei in brân yn 1494 waard de tsjerke yn it tsjintwurdich oansjen wer opboud. In stik ferkoald hout yn de nis fan de noardlike bûtenmuorre tsjûget noch fan dy brân.
Mei de reformaasje waard de tsjerke protestantsk en ferdwûnen de ôfbylden fan de hilligen ûnder in nije skilderlaach. Tsjintwurdich binne der noch fresko's by de yngongte sjen.
It oargel fan de tsjerke stamt út 1785 en wurdt noch jimmeroan brûkt. It ynterieur waard yn 1779 yn barokke foarmen mei bibelske teksten beskildere. Yn 1962-1963 is it ynterieur restaurearre.
Trivia
bewurkje seksjeDe tsjerke krige benammen bekendheid troch de ferfilmings fan de boeken fan Jeremias Gotthelf troch de regiseur Franz Schnyder.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Fresko's
-
Oargel
-
Oargelkreake
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kirche Würzbrunnen
|