WSSFS
It WSSFS is koart foar it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje en is aktyf yn Wageningen. Under de Friezen stiet Wageningen bekend as Weinum. De leden bestean út studinten fan benammen Wageningen University and Research.
Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje | ||
algemiene ynformaasje | ||
type org. | Fryske studinteferiening | |
fêstige yn | Wageningen | |
oprjochte | 1930 | |
oprjochter | Jan Bieuwes van der Meulen | |
tal leden | ± 50 | |
offisjele webside | ||
https://wssfs.nl/ |
Skiednis
bewurkje seksjeIt selskip is oprjochte op 23 jannewaris yn it jier 1930 troch Jan Bieuwes van der Meulen. It WSSFS. waard derby ôfsplitst fan studinteferiening Ceres te Wageningen. It wie de earste feriening yn Wageningen wer’t manlju en froulju op deselde jûn by inoar wêzen mochten. Ek mocht der Frysk praat wurde op aktiviteiten. Dit wie net gewoan yn de tiid fan oprjochting. De feriening hat ien earelid en dat is Tjipke Wyngaarden. Hy is beneamd ta earelid fanwege syn grutte ynset foar de feriening. De omfang fan de feriening wikselt oer de jierren. Yn it ferline hat de feriening wol mear as 100 leden telt, mar tsjintwurdich sit it rûn de 50 leden.
Aktiviteiten
bewurkje seksjeEltse wike, mei útsûndering fan fakânsje- en tentamenwiken, is der in aktiviteit wer’t de leden oan meidwaan kinne. Dizze aktiviteiten wurde organisearre troch kommisjes of it bestjoer. De feriening telt rûn de 20 kommisjes dy ’t allegear in aktiviteit organisearje of op in oare manier sich ynsette foar de feriening. Foarbylden fan de kommisjes binne bygelyks, de Redaksje dy ’t it ferieningskrantsje de Tsjilstynge eltse perioade makket. De MOARD (Makket Oerdwealske Apen Rju en Deugdsum) soarget der elts jier foar dat nije studinten entûsjast makke wurde foar de feriening wêrtroch se “swingel” wurde. Swingel is de namme foar potinsjeel nije leden. De Taal- en Kultuerkommisje organisearret in sprekkersjûn en it ferneamde strjittekeatsen op 'e merke yn Wageningen. By dizze twa aktiviteiten binne minsken fan bûten de feriening ek wolkom. Elts jier wurdt der ek in sylwykein organisearre troch it bestjoer, wat sjoen wurdt as it hichtepunt fan it jier. Dat wykein wurdt der syld op ‘e Fryske marren. Wannear de feriening jierdei is wurdt der in Dies Natalis wike organisearre. Dizze wike sit grôtfol aktiviteiten en is altyd tige gesellich. Om de fiif jier fynt it lustrumjier plak wêrby de Dies wike noch grutter fiert wurdt.
Federaasje
bewurkje seksjeIt WSSFS makket diel út fan it gearwurkingsferbân De Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Fanút de federaasje wurdt der elts jier in Krystkongres yn Frentsjer organisearre. Dit wurdt altyd goed besocht en is it pronkstik fan de gearwurking mei de oare Fryske ferienings yn Nederlân.