W.Th. Zandstra B.V. Gruthannel en Reedfabryk

W. Th. Zandstra BV Gruthannel en Reedfabryk, yn 'e folksmûle ornaris koartwei 'Zandstra' neamd, is in Fryske reedfabryk op De Jouwer. Dit famyljebedriuw is oprjochte yn 1825 en is, nei Viking redens, it grutste reedfabryk dat noch bestiet yn Nederlân.

Zandstranoaren

As oprjochtingsdatum wurdt 26 maart 1825 oanhâlden, de dei dat Wouter Th. Zandstra (1797-1868) in pân yn Snits begûn mei in seilmakkerij. Hy wreide it bedriuw letter út mei de touslaggerij fan syn broer en mei in taanderij. Yn 1855 waard it bedriuw oernomd troch soan Thomas W. Zandstra (1846-1902), en yn 1902 waard dy syn soan Wouter (1869-1925) de eigener. Dy lêste wreide it bedriuw út mei in sealmakkerij. Nei syn ferstjerren yn 1925 waard de op dat stuit 18-jierrige Thomas Zandstra (1906-1984) de eigener.[1][2]

Thomas Zandstra rjochte him al gau benammen op redens. Nei in strange winter wie der grutte fraach nei redens, wêrnei't Zandstra út Noarwegen in pear tûzen redens ymportearre. De hannel yn redens groeide út nei fyftich persint fan de omset fan it bedriuw. Neist it ymportearjen fan redens kocht Zandstra BV net-brûkte partijen op fan ûnder oare Batavus, dy't dêrnei assemblearre waarden. Nei in perioade fan sêfte winters rjochte it bedriuw him yn it begjin fan de jierren santich mear op gruthannel yn wettersportartikels.

Zandstra waard yn 1975 oernomd troch Wouter Zandstra (1943-2019), de soan fan Thomas. Yn 1983 ferhuze it bedriuw fan Snits nei De Jouwer. Wouter Zandstra betocht de kombi-noar, wêrby't de standert ridersskoech op in hege noar ferfongen waard troch in iishockeyskoech. Ek betocht hy de easy glider, in moderne keunststoffariant fan de Fryske trochrinder. Zandstra BV wurket in soad gear mei Nijdam Schaatsen, dy't de redens makket.

Wouter Zandstra ferstoar yn jannewaris 2019 op 75-jierrige leeftiid.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zandstra Sneek al 150 jaar van vader op zoon, Ljouwerter Krante, 22 maart 1975 (fia Delpher).
  2. "Voor twintig gulden" gigantische hallen voor Zandstra Joure, Ljouwerter Krante, 1 oktober 1983 (fia Delpher).
  3. Schaatsenfabrikant Wouter Zandstra overleden NOS, 5 febrewaris 2019