WARF
De Wurk- en stúdzjegroep Amfibyen en Reptilen yn Fryslân (WARF) is yn 1995 oprjochte op inisjatyf fan Hans van den Bogert. Yn de jierren dêrfoar die Van den Bogert in soad foar de beskerming fan amfibyen en reptilen. Sa is bygelyks de aksje 'Help de ringslange' troch him ta stân komd en ferskynde syn brosjuere 'Handleiding voor het opzetten van broeihopen'.
Doel is om troch middel fan de wurkgroep mear minsken te belûken by de beskerming en de bestudearring fan amfibyen en reptilen. It lede-oantal wie yn 2009 in lytse hûndert. Dat binne natoerleafhawwers mei in spesjale belangstelling foar dizze bisten. Yn de measte behear- en lânynrjochtingsplannen krije dizze groepen net folle omtinken. Minsken hâlde mear fan 'aaibere' bisten en komme net yn oanrekking mei de bysûndere libbenswize fan amfibyen en reptilen. Foar in goed behear besiket WARF oerheden, natoerbeskermingsorganisaasjes te advisearjen oer in goed behear fan natoergebieten. Ien kear jiers ferskynt it ferieningsblêd Het Warfbulletin.
Gearwurkjend mei Lânskipsbehear Fryslân en IVN - It Hearrenfean, organisearret de WARF wurkdagen. Op sokke dagen wurdt yn bosk- en heideterreinen opslach weihelle, sa't slangen wer in plakje krije om te 'sinnebaaien'.Der wurde dan ek broeibulten oanlein en puollen wersteld. In soad Warf-leden hawwe in ynventarisaasjeterrein dêr't de amfibyen en reptilen teld en bestudearre wurde.
Yn 2009 is in oerienkomst sluten tusken Warf en de Stichting RAVON om te kommen ta nauwere gearwurking. De beide organisaasjes sille inoar op 'e tiid ynljochtsje oer ynventarisaasjes, ûndersyk, projekten en alle oare saken op it mêd fan amfibyen en reptilen yn Fryslân. Oars as de Stichting RAVON hâldt de Warf him net dwaande mei de lânseigen fisken. Der is yn 2008 wol in fiskewurkgroep oprjochte.
Krekt as de WARF is der ek in WARD, de Wurkgroep Amfibyen en Reptilen Drinte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |