Waalwyk (stêd)
Waalwyk (Nederlânsk en offisjeel: Waalwijk, Brabânsk: Wolluk) ( útspraak) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. Waalwyk leit yn de Langstraat oan de Belgyske Maas.
Waalwyk is in middelgrutte stêd mei in regionale funksje. It hat 33.100 ynwenners (2012). Waalwyk leit tusken Kaatsheuvel en Drunen. Tichtby lizze de gruttere plakken Tilburg en Den Bosch.
Etymology
bewurkje seksjeWaalwyk, yn de 13e iuw as "Walwic" skreaun, is in gearfoeging fan "Wal" en "wic". Ut resinte ûndersikings die bliken dat de betsjutting nei alle gedachten socht wurde moat yn: "wyk op de wâl" (fan in haventsje). Dy haven soe, al foar 1200, brûkt wêze foar ferfier fan yn de omkriten ôfgroeven turf nei plakken en gebieten yn Hollân en Brabân.
Dat de namme Waalwyk mei de rivier de Waal of mei de Walen út Belgje komme soe, is in fabeltsje.
-
Grotestrjitte Waalwyk mei op de eftergrûn de Herfoarme Tsjerke oan de Haven (Waalwyk Sintrum)
-
Teäter De Leest op it Fredesplein
-
Herfoarme Tsjerke oan de Haven (Waalwyk-Sintrum)
-
Marijetsjerke - Besoyen
-
St. Clemenstsjerke - Baardwyk
-
Wettertoer
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waalwyk fan Wikimedia Commons. |