Wapen fan De Westereen

{{Stavering]]

Wapen fan De Westereen

It wapen fan De Westereen is it wapen fan it doarp De Westereen, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1994 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsneid troch in fersmelde dwersbalke fan sulver; I yn kiel twa pinningen fan goud; II yn sinopel in wurverspoel fan goud; en in hertskyld fan goud, belein mei in Merkuriushelm fan sabel.

De heraldyske kleuren binne: sulver (sulver), kiel (read), goud, sinopel (grien) en sabel (swart).

  • Read fjild: symboal foar de eardere heiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Pinningen: ferwiist nei de wolfeart dy it doarp krigen hat.
  • Hertskyld: de helm mei wjukken is in symboal fan Merkurius, de Romeinske god fan de hannel.
  • Sulveren dwersbalke: ferwizing nei it wetter yn it doarp en it spoar.
  • Wurverspoel: ferwiist nei de yndustry fan it doarp.