Wapen fan Drachten
It wapen fan Drachten is it wapen fan de flekke Drachten, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1986 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeDrachten is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt foar op de wynwizer fan de Grutte Tsjerke fan Drachten út 1743.
-
It wapen fan Drachten op de wynwizer fan de Grutte Tsjerke.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Lykas bekend is fiert Drachten in wapen fan sulver mei trije swarte turven deryn, pleatst twa-ien. It wapen wurdt bedutsen troch in kroan fan trije blêden en twa pearels.
De heraldyske kleuren binne: sulver en sabel (swart). It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke-kroan".