Wapen fan Eaststellingwerf
It gemeentewapen fan Eaststellingwerf waard fêststeld op 25 maart 1818 mei de beskriuwing:
Fan sulver, beladen mei in griffioen fan keel, keard nei de linkerside fan it skyld, mei tusken de foar- en efterpoarten in reade bal, beladen mei in gouden stjer.
Net beskreaun is in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels en in griene gersgrûn.
It wapen is ôflaat fan it âlde segel fan Stellingwerf. It gebiet fan de hjoeddeiske gemeenten East- en Weststellingwerf makke him yn de rin fan de 14e iuw los fan it gesach fan de biskop fan Utert, de destiidske lânhear fan Drinte. It no frije gebiet skafte har al gau in segel oan. It âldste segel, mei ôfdrukken fan 1350 ôf, toane in ûndúdlik bist, de sturt tusken de poaten. Foar it bist (wolf, liuw, griffioen) stiet in sikel mei in fiifpuntige stjer ôfbylde.
Yn 1504 wurdt it gebiet ynlive by Fryslân, as twa ferskillende gritenijen, Stellingwerf Eastein en -Westein. Eaststellingwerf nimt dan de segelfiguer op as wapen. It is noch net dúdlik te sjen hokker bist it is. Yn 1597 wurdt de stjer as seispuntich ôfbylde. Yn 1622 wurdt it dúdlik dat it bist in griffioen betreft. De kleuren binne dan in fjild fan azuer, de griffioen fan goud, de srikel fan goud mei in seispuntige stjer fan sabel. De kleuren wizigje lykwols meardere kearen yn de rin fan de 17e en 18e iuw. Ek komt noch geregeldwei in fiifpuntige stjer foar.
Pas yn de rin fan de 18e iuw wurde de kleuren steefêst sulver en keel. It oantal punten fan de stjer bliuwt wikseljen. De gemeente freget yn 1817 it wapen oan mei in fiifpuntige stjer. De ûntstiene ôfbylding en omskriuwing binne net botte dúdlik. Yn 1962 wurdt besocht om it wapen te wizigjen. It gie dêrby benammen om lytse oanpassings. De Hege Ried fan Adel beslút dat der gjin dúdlike wizigingen frege wurde, en dat folstien wurde kin mei in nij wapendiploma. Dit diploma waard op 10 july 1962 útkeard. Yn 1980 beklage de Fryske Rie foar Heraldyk him oer de foarmjouwing fan it wapen, sa't dat op dat stuit fierd waard troch de gemeente. De gemeente fierde it wapen mei in min-ofte-mear stappende griffioen en sûnder de gersgrûn. De foarm fan de griffioen wie grif ôflaat fan it wapen sa't it foarkomt in de Koffie Hag-albums. Boppedat fûn de Rie dat de kroan eigentlik in offisjele gritenijkroan wêze moast, dat wol sizze mei twa blêden en twa kear trije pearels. De offisjele tekening yn it register jout lykwols in kroan mei twa inkele pearels. It wizigjen fan de kroan soe dus per Keninklik Beslút moatte en de fraach is oft de Hege Ried fan Adel dêrmei akkoard gien wêze soe; tsjintwurdich wurde noch komselden oare typen kroanen ferliend.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|