Wapen fan Lippenhuzen
It wapen fan Lippenhuzen is it wapen fan it doarp Lippenhuzen, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1991 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn kiel trije útrukte beammen fan goud, de middelste grutter dan beide oaren; oer alles hinne in skeanbalke fan sinopel, belein mei in bij, pleatse tusken twa boekweetkerrels yn de rjochting fan de balke, alles fan goud.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Gouden beammen: oernommen út it wapen fan Opsterlân.
- Read fjild: ferwiist nei de kleur fan in bloeiende heide.
- Griene skeanbalke: ferwizing nei de kanalen yn it doarp dy't groeven binne foar it ferfier fan turf.
- Boekweetkerrels: symboal foar it ferbouwen fan boekweet.
- Bij: ferwiist nei it hâlden fan bijen yn de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.