Wapen fan Makkum
It wapen fan Makkum is it wapen fan de flekke Makkum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1968 registrearre.
Skiednis
bewurkje seksjeMakkum is ien fan de Fryske doarpen dêr't in âld doarpswapen út oerlevere is. It wapen komt yn ferskate foarmen foar. It wapen tsjinne as basis foar it embleem fan de Nederlânske minejager Zr.Ms. Makkum (1985). Dat ferbyldet de seemearmin oer alles. Hoewol't Makkum as flekke klassifisearre is, wurdt it skyld net bedutsen mei in saneamde "flekkekroan", dy't faak oan dy plakken tawiisd wurdt. Ek soe Makkum earder in wapen mei in steande ree hân hawwe. Dat wapen rekke lykwols yn ûnbrûk.
-
Wapen fan Makkum (loftsûnder) op it Pothûs yn Makkum.
-
Embleem fan it skip Zr.Ms. Makkum (1985).
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
It wapen fan Makkum toant in blau skyld, wêrop in gouden mearmin oprizend út in griene see, yn de rjochter hân in sulveren sylskip en yn de lofterhân in sulveren kalkoven.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sinopel (grien) en sulver.